Friese patientenfolder voor gebruikers van Aranesp.
Toen in 2003 dialysecentrum Leeuwarden Aranesp van Amgen in gebruik nam, kwam het ludieke idee om als stunt voor de overwegend friese patienten de patientenfolder in het fries te vertalen. Samen met Arjen Versloot van de AFUK, heb ik de nedelandse versie van het patientenfolder vertaalt. De folder is door Amgen naast ons centrum ook verspreid op een aantal symposia, ook op de NND dagen en  heeft bij al veel positieve reacties opgeleverd...

Hieronder kunt u de tekst lezen zoals deze ook in de patientenfolder is komen te staan.... De complete folder in pdf kunt u downloaden door op de voorkant de folder te klikken..
Terug naar de hoofdpagina
Dialyse-info.TK
Dit ynformaasjeboekje is bedoeld as helpmiddel foar pasjinten dy't it genêsmiddel Aranesp® (darbepoetin alfa) brûke. It sil lykwols gjin antwurd jaan kinne op al jo fragen. Likemin sil it yn stee fan it profesjonele advys fan jo dokter of ferpleechkundige komme moatte. At der saken yn dit boekje binne dy't ûndúdlik foar jo bliuwe, dan freegje wy jo kontakt op te nimmen mei dyjinge dêr't jo dit boekje fan krige hawwe, de dokter dy't jo behannelet of jo ferpleechkundige.

1. WAT IS ARANESP?
De wurkseme stof fan Aranesp is darbepoetin alfa. Darbepoetin alfa is in aaiwyt dat mei help fan moderne biotechnology makke wurdt. It is in nij aaiwyt dat erytropoëse (it foarmjen fan reade bloedsellen) stipet en dat langer wurket. Reade bloedsellen (erytrosyten) spylje in wichtige rol yn it soerstoftransport yn it lichem. Aranesp trúnt it lichem oan om mear erytrosyten oan te meitsjen. Dy erytrosyten bedarje oanslutend yn it bloed, wat it soerstoftransport ferbetteret.

2. WÊR WURDT ARANESP FOAR BRÛKT?
Aranesp wurdt brûkt om earmbloedigens (anemy) te behanneljen dy't foarkomt by it groanysk falen fan de nieren fan folwoeksenen en bern fan 11 jier en âlder. Der is praat fan earmbloedigens as it bloed net genôch reade bloedsellen befettet.
As de nier faalt, makket er te min fan it natuerlike hormoan erytropoëtine. Erytropoëtine stimulearret it bonkemurch om mear reade bloedsellen oan te meitsjen. It falen fan de nieren kin earmbloedigens (anemy) fan gefolgen hawwe as der te min reade bloedsellen foarme wurde. By earmbloedigens oppenearje har faak ien of mear fan de neikommende ferskynsels: wurgens, swakte en koart op 'e siken wêze.

3 HOE WURDT ARANESP BRÛKT?
Jo dokter hat jo Aranesp foarskreaun om jo earmbloedigens te behanneljen: Aranesp wurdt jo ien kear wyks jûn of, yn guon gefallen, ien kear per twa wiken.
Aranesp kin jo sawol subkutaan (yn it weefsel ûnder de hûd of wol SC) as yntraveneus (yn de ier of wol IV) jûn wurde. Foar hemodialysepasjinten betsjut dit lêste dat it jo troch de feneuse line fan de dialysemasine jûn wurde kin,wat mooglik ferfelende ynjeksjes oerstalllich makket. De dokter dy't jo behannelet sil bepale hokker wize foar jo it meast gaadlik is. Ut klinysk ûndersyk docht bliken dat doasis en frekwinsje fan Aranesp oanpast wurde moatte neffens it eigen ferlet fan elke pasjint. In beskate dosearring foar de iene pasjint kin foar de oar krekt te heech of te leech wêze.
Om't jo lichem wat tiid nedich is om mear reade bloedsellen te meitsjen, duorret it likernôch fjouwer wike alear't jo wat fernimme sille. Jo gewoane dialysebehanneling hat gjin ynfloed op it fermogen fan Aranesp om jo earmbloedigens te behanneljen.
Josels, jo famylje of kunde kinne leare hoe't in subkutane ynjeksje fan Aranesp jûn wurde moat. Jo dokter sil dat útmeitsje. As jo jo Aranesp thús jouwe, is it tige wichtich dat jo de krekte proseduere folgje en de krekte technyk tapasse. Ynstruksjes om de subkutane ynjeksje te jaan, wurde yn dizze brosjuere behannele yn de haadstikken 10 en 11.

4. HOE WYT IK OFT ARANESP WURKET?
Der binne ferskate wizen om de wurksumheid fan Aranesp te mjitten by pasjinten dy't it krije. In protte pasjinten fernimme dat se har oer it ginneraal better fiele sille. In oare wize om de ferbettering gewaar te wurden is om de mannichte hemoglobine yn it bloed te bepalen. Dat is in mjitte foar it fermogen fan it bloed om soerstof nei de weefsels en de organen te ferfieren. By pasjinten dy't dialyse ûndergeane wurdt stribbe nei in hemoglobinegehalte fan mear as 6,8 mmol/l (millimol de liter)*.
·    European Best Practice Guidelines 5, Nephrology Dialysis Transplantation Volume 15 (2000). Supplement 4.

5. WÊROM MOAT IK MYN BLOEDDRUK NEIGEAN?
Aranesp is ornearre foar de behanneling fan earmbloedigens dy't it gefolch is fan it groanysk falen fan de nieren. It mei net brûkt wurde by pasjinten mei in min kontrolearre bloeddruk of by pasjiinten dêr't bekend fan is dat se allergysk binne foar de wurksume stof
darbepûtin alfa of ien fan de oare bestândielen fan Aranesp. Mear as 80% fan de pasjinten mei in groanysk falen fan de nieren hat in foarskiednis fan ferhege bloeddruk. By de behanneling fan earmbloedigens mei genêsmiddels dy't de produksje fan reade bloedsellen stimulearje, dêrûnder ek Aranesp, kin de bloeddruk omheech gean. It is tige wichtich dat de pasjinten har medisinen foar ferhege bloeddruk ynnimme en trochgeane mei it folgjen fan in dieet at har dat oars al foarskreaun wie troch de dokter of dietist(e). As jo medisinen brûke om jo bloeddruk yn de stokken te hâlden, mar út en troch doases oarslane om reden fan de bywurkings fan dy medikaasje, moatte jo jo dokter oer dy bywurkings ynljochtsje. Jo dokter kin dan de medikaasje foar jo bloeddruk oanpasse of in oar middel foarskriuwe. As yn de rin fan de behanneling de bloeddruk net yn de stokken holden wurde kin, kin it nedich wêze om de doasis Aranesp te ferleegjen of it tydlik net te brûken. Yn alle gefallen moat de bloeddruk op 'e regel brocht wurde, ek as dat betsjut dat Aranesp langer net brûkt wurde kin.

6. WÊROM MOAT IK FAN DE DOKTER IZER YNNIMME?
Izer is in essensjeel bestândiel fan reade bloedsellen. It lichem moat dan ek genôch izer ta syn foldwaan hawwe sa dat Aranesp it bonkemurch stimulearje kin om reade bloedsellen te meitsjen. Dêrom wurdt by de behanneling mei Aranesp de izerfoarrie yn jo lichem faak
oanfolle troch it ynnimmen fan izersuppleminten. Jo dokter kin jo sizze oft jo genôch izer hawwe foar it oanmeitsjen fan reade bloedsellen troch de ferritinewearde en de transferrinesêding yn it bloed nei te gean. De ferritinewearde yn it searum is in mjitte foar de mannichte izer dy't opslein is en moat heger wêze as 100 ng/ml (nanogram de milliliter). De transferrinesêding is in mjitte foar de beskikberens fan izer en moat op syn minst 20% wêze. It is fan belang dat jo dokter regelmjittich de izerspegels neirint en dat jo neffens oanwizings izersupleminten ynnimme.

7. HOKKER BYWURKINGS KINNE HAR MEI ARANESP OPPENEARJE?
Lykas alle oare genêsmiddels kin Aranesp bywurkings fan gefolgen hawwe. Neisteande bywurkings binne waarnommen by 1% oan 10% fan de pasjinten. As jo pineholle krije, benammen as in klopjende migrêne-eftige pineholle him ynienen foardocht, of as jo wat betiisd reitsje yn 'e holle of setten hawwe (konvulzjes, stûpen), moatte jo fuortendaliks jo
dokter ynljochtsje. Dat kinne warskôgings wêze dat de bloeddruk rimpen omheech sjit en dat dy moolk fuortendaliks behannele wurde moat. In ferheging fan de bloeddruk of it slimmer wurden fan de besteande hege bloeddruk is lykwols ek mooglik sûnder dy bliken.
As jo hemodialyse ûndergeane kin bloed stjurje (tromboaze) yn de shunt (de keunstmjittige ferbining tusken ier en slachier as omlieding fan de gewoane bloedsomrin). Soks bart faker as jo bloeddruk te leech is of by in fistel.
Pine om it ynkjesjeplak hinne (allinnich by ynjeksjes ûnder de hûd)wurde by Aranesp faker waarnommen as by r-HuEPO (erytropoëtine produsearre troch rekombinant-DNA-technology). It ûngemak is oer it ginneraal myld, duorret mar koart en docht him faker foar oan it begjin fan de behanneling.
As ien fan dizze symptomen oanhâldt of der oppenearje har bywurkings dy't net yn dizze brosjuere neamd wurde, moatte jo jo dokter, ferpleechkundige of apteker dêroer yn ljochtsje.

8. YN HOKKER FERPAKKINGSFOARMEN IS ARANESP BESKIKBER?
Aranesp wurdt levere yn in spuit dy't yn it foar al folle is mei in beskate mannichte fan it medisyn Aranesp. Sa'n folle spuit meie jo mar ien kear brûke. Ofhinklik fan hoe swier oft jo binne, skriuwt de dokter jo in beskate mannichte foar. Elke mannichte hat in oare kleur.

9. HOE MOATTE JO ARANESP BEWARJE?
Aranensp moatte jo yn de kuolkast bewarje by in temperatuer fan +2 oan +8oC. Jo moatte Aranesp net brûke as jo tinke dat it beferzen west hat. Jo kinne de spuit Aranesp foar ambulant brûken út de kuolkast nimme, mar net langer as 7 dagen by keamertemperatuer
(oant 25oC) bewarje. Sadree't in spuit út de kuolkast naam is en op keamertemperatuer kommen is (oant 25oC), moatte jo de spuit binnen 7 dagen brûke of fuortsmite.
Bewarje de ferpakte spuiten altiten yn de orizjinele kartonnene ferpakking om de ynhâld tsjin it ljocht te beskermjen. De oplossing yn de folle spuit moat altyd kleurleas, helder of
pareleftich fan kleur wêze. As de oplossing grommelich of fan kleur feroare is of dieltsjes befettet, mei er net brûkt wurde.
De folle spuit net skodzje; soargje dat mooglik net brûkte resten fuortsmiten wurde.
De úterste gebrûksdatum foar Aranesp stiet op 'e doaze en it etiket fan de spuit fermeld. Nei dy datum, de lêste dei fan de fermelde moanne, meie jo Aranesp net mear brûke.
Lykas alle genêsmiddels moatte jo Aranesp bûten it berik en sicht fan bern bewarje.

10. SA JOUWE JO JOSELS IN YNJEKSJE MEI ARANESP
Wat binne jo hjirby nedich?
Om josels in subkutane ynjeksje te jaan, binne jo nedich:
• in nije, folle spuit mei Aranesp;
• alkoholdoekjes en in spesjale nullehâlder om de brûkte nullen feilich fuortsmite te kinne.

Wat moat ik dwaan alear't ik mysels in subkutane ynjeksje mei Aranesp jou?
1.    Nim jo folle spuit mei Aranesp út de kuolkast.
2.    De folle spuit net skodzje.
3.    Gean nei at it de doasis is dy't de dokter jo foarskreaun hat.
4.    Nim de folle spuit út de ferpakking
5.    Sjoch nei de úterste gebrûksdatum op it etiket fan de folle spuit (EXP:). Net brûke nei de lêste dei fan de fermelde moanne.
6.    Sjoch hoe't Aranesp der út sjocht. It moat helder wêze of in foech parelkleurige floeistof wêze. As de floeistof grommelich is of dieltsjes befettet, meie jo him net brûke.
7.    Om josels nofliker de ynjeksje te jaan, litte jo de folle spuit 30 minuten op keamertemperatuer komme of jo hâlde de folle spuit in pear minuten hoeden yn 'e hannen. Aranesp perfoarst net op in oare wize waarm meitsje (bygelyks, net waarm meitsje yn in magnetron of yn waarm wetter).
8.    Waskje de hannen goed.
9.    Sykje in noflik plak mei foldwaande ljocht en set alles wat jo brûke moatte foar de greep (de folle spuit mei Aranesp, de alkoholdoekjes en de spesjale nullehâlder foar de brûkte nullen).

11. SA MEITSJE JO ARANESP KLEAR OM TE BRÛKEN
1.    Helje de rubberen beskermhuls fan de nulle. Soargje dat jo de sûger en de nulle net oanreitsje.
2.    Hâld de folle spuit rjochtop mei de nulle nei boppe ta en tikje mei in fingersein tsjinn de folle spuit sa dat mooglik oanwêzige buollen omheech geane.
3.    Druk de sûger stadich yn, oant de earste drip floeistof derút komt.
4.    De folle spuit is no klear foar ynjeksje.

Wêr moat ik my de ynjeksje jaan?
De gaadlikste plakken om josels in ynjeksje te jaan, binne:
• de boppekant fan de billen en
• de bûk, útsein it gebiet om de nâle hinne.
Wiksel it plak dêr jo de ynjeksje jouwe ôf, sa dat in bepaald plak net pynlik wurdt. As in
oarenien jo de ynjeksje jout, kin dy ek de efterside fan de earm brûke.

Hoe jou ik my de ynjeksje?
1.    Untsmet de hûd mei in alkoholdoekje en krij de hûd beet tusken tomme en wiisfinger, sûnder te knipen.
2.    Stek de nulle folslein yn de hûd ûnder in hoeke fan 45o.
3.    Lûk de sûger hoeden wat omheech om nei te gean oft jo net yn in bloedfet prikt hawwe. As jo bloed yn de spuit sjogge, helje de nulle der dan út en stek him op in oar plak yn de hûd.
4.    Spuitsje de floeistof stadich en evenredich yn de hûd, wylst dat jo de hûd noch hieltiten beethâlde.
5.    Nei't de floeistof ynspuite is, lûke jo de spuit werom en litte jo de hûd los.
6.    Rêd de brûkte spuit op yn de spesjale hâlder. Tink derom dat elke spuit mar foar ien ynjeksje brûkt wurde mei. As der mooglik Aranesp yn de spuit efterbleaun is, meie jo dat net mear brûke.

Net ferjitte
As jo earne swierrichheden mei hawwe, wês dan net te skruten om jo dokter of ferpleechkundige om help en goerie te freegjen.

It fuortsmiten fan brûkte spuiten
1.    De dop net op de brûkte spuiten weromsette.
2.    Rêd de brûkte spuiten op yn de spesjale hâlder en hâld dy bûten it berik en sicht fan bern.
3.    Ferwiderje de folle hâlder neffens de oanwizings fan jo dokter, ferpleechkundige of apteker.
4.    Smyt de spuiten dy't jo brûkt hawwe nea fuort yn de ôffalamer of it jiskefet foar húshâldlik ôffal.

12. WÊR KINNE NIERPASJINTEN HELP KRIJE?
Neisteande list jout ynformaasje oer organisaasjes yn ferskate lannen dy't advys en (al dan net finansjele) stipe biede oan pasjinten mei groanysk falen fan de nieren en transplantaasjepasjinten en har famylje:

Jo dokter en/of jo apteker kinne jo mear ynformaasje oer Aranesp jaan; hja hawwe detaillearre gegevens ta har foldwaan. Soene jo noch fragen hawwe, dan kinne jo ek kontakt opnimme mei ús ôfdeling Medische Informatie. Hja binne te berikken op it tillefoannûmer: 076-5732500.

Aranesp wurdt distribuearre troch (registraasjehâlder):
Amgen Europe B.V.
Postbus 3345
4800 DH Breda
www.amgen.nl

Utjefte jan. 2003
2003 - 010
Fryske oersetting Arjen Versloot,
ûnder tafersjoch fan it
Dialysecentrum Leeuwarden
Tekst Folder:
Naar boven..
TERUG NAAR DE HOOFDPAGINA.
Klik hier om de folder in PDF te downloaden..